Oanbiedingsdokumint Fryske Iselmarkust oanbean oan mienskip
It wie prachtich oan de Iselmarkust. En de takomst sjocht der ek fleurich út! De gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren, Provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân lieten oan de wâlskanten fan it Iselmar sjen dat sy mei-inoar ynvestearje yn alle ambysjes, ideeën, inisjativen én finansjele middels dy ‘t byinoar komme oan de Fryske Iselmarkust.
Dat is fêstlein yn in oanbiedingsdokumint. Hjiryn stean winsken en ambysjes dy ‘t mei ynwenners en belange-organisaasjes opsteld binne. It dokumint waard offisjeel oerlange oan ûndernimmers Cor en Gonja Witteveen fan paviljoen ‘t Mar, adjunkt-direkteur Chris Bakker fan It Fryske Gea en bestjoerslid Jan Dijkstra fan Stavers Belang.
