Ga naar inhoud
Iselmarkust Hylpen

Fryske Iselmarkustgebiet

De Fryske Iselmarkust is ien fan de pearels fan Fryslân. Ervaar rêst en romte yn in iepen, griene en wetterrike omjouwing. De ferskate doarpkes en stedsjes soargje foar reuring. It gebiet libbet! De kombinaasje fan rêst, romte en reuring makket de Iselmarkust in besite wurdich.

De provinsje Fryslân wurket gear mei gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren en Wetterskip Fryslân oan de winsken en ambysjes foar de Fryske Iselmarkust. Mei de mienskip, ús stakeholders en oare belanghawwenden sjogge wy nei de takomst fan it gebiet. De winsken en ambysjes binne ûnderferdield yn fiif tema’s: wetter, kultuer, natuer, enerzjy en ekonomy.

Gearwurkingspartners