Programmatische Aanpak Grote Wateren
Wat is PAGW?
De Programmatische Aanpak Grote Wateren (PAGW) is in programma fan de ministearjes fan Ynfrastruktuer en Wettersteat (IenW) en Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit (LNV ). It doel is om de natuer en de wetterkwaliteit op in miljeufreonlike wize te ferbetterjen en te fersterkjen.
Wêrom is dit programma nedich?
Dit programma is wichtich, omdat wy te krijen hawwe mei klimaatsferoaring, ekonomyske ûntwikkelings en yntinsyf gebrûk fan de natuer en it wetter. It doel fan dit programma is fûgels en fisken yn ferbettere en nije leefgebieten libje te litten. En gebieten oan de binnen – en bûtenkant fan de dyk mei-inoar te ferbinen. Sa fersterkje wy it ekosysteem.
Bedrigingen
De ministearjes diene yn 2017 ûndersyk nei de kwaliteit fan it Iselmargebiet. Doe die bliken dat it Iselmargebiet kwetsber is foar de bedrigingen yn de takomst. Dy bedrigingen binne:
– de stigende seespegel;
– mear en heftigere stoarmen;
– temperatuerstiging.
Maatregels
Yn it Iselmargebiet binne maatregels nedich om dy bedrigingen opfange te kinnen. Bygelyks:
– it oanlizzen fan wâlskanten;
– nije trochgongen oanlizze foar fisken;
– reidûntwikkeling.
De maatregels om de bedrigingen yn de heine takomst oan te kinnen binne opskreaun yn it plan ‘Ecologische waterkwaliteit Friese IJsselmeerkust’. De doelen dy ‘t de regio Fryslân foar de Fryske Iselmarkust beskreau, binne dêryn opnommen.
Foarrinner
It is wichtich om op koarte termyn útein te setten mei dizze maatregels. It Iselmargebiet moat him oanpasse oan de bedrigingen fan de heine takomst. En dan komt it goed út dat de plannen fan it projekt Versterken Friese IJsselmeerkust (VFIJ) ek oanslute op dizze maatregels. Dit projekt set ynkoarten útein en moat yn 2025 klear wêze. Dit projekt is de foarrinner op it programma PAGW.
Hoe soargje wy derfoar dat de Fryske Iselmarkust bestân is tsjin de bedrigingen?
Om dit te berikken binne oplossings nedich. Wy tinke oan:
– it meitsjen fan mear ûndjipte yn it Iselmar en fan de wâl ôf stadichoan ôfrinne litten fan it wetter;
– it meitsjen fan lûere parten yn it Iselmar wêrtroch’t der helder wetter ûntstiet;
– it soargjen foar natuerlike beweging yn wetterhichte om de peilhichte te behearen;
– besteande trochgongen foar fisken te ferbetterjen;
– trochgongen foar fisken te meitsjen op nije lokaasjes.
Wa wurkje oan in duorsum Iselmar?
De ministearjes, de regio Fryslân en maatskiplike organisaasjes wurkje yn dit programma gear. De regio Fryslân: provinsje Fryslân, gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren en Wetterskip Fryslân, wurkje dit programma út. Inisjativen en projekten út de maatskippij keppelje wy oan it programma.
Wat wurdt der no dien?
De regio Fryslân ûndersiket hokker gebieten it meast geskikt binne foar de oplossingen. En wy beoardielje hokker regionale ideeën en inisjativen goed passe by de natuerdoelen om ek dat dan ek út te fieren. Nei dizze ûndersyks – en beoardielingsfaze wurkje wy de plannen konkreet út. De ferwachting is dat wy fan 2025 ôf úteinsette kinne mei it earste útfieringswurk.
Wa betellet it programma?
De ministers binne ree om oant 2030 acht miljoen euro yn it programma foar de Fryske Iselmarkust te stekken. En dêrnei nochris 21 miljoen fan 2030 ôf. Der is wol de ôfspraak makke dat de regio Fryslân meibetellet. De regio Fryslân docht dêrfoar har uterste bêst.