Feilich swimme yn Laaksum
Hoe rjochtsje je it swimplak by de haven fan Laaksum feilich yn? Technasium-learlingen fan Bogerman yn Snits dûkten yn de prosedueres én yn de Iselmar. Fan ‘e moarn presintearren se harren ûntwerp oan deputearre Friso Douwstra, wethâlder Henk de Boer, de swimmers en ôffurdigen doarpsbelang Warns, Laaksum, Skarl.
De winsk om by Laaksum in goed swimplak te hawwen, past binnen it projekt Versterken Friese IJsselmeerkust. Foar de learlingen fan Bogerman in moaie praktykopdracht om de mooglikheden te ûndersykjen en in ûntwerp te meitsjen. Dêrfoar sprutsen de learlingen mei brûkers fan it swimplak en oerheden. Ek lutsen se de swimbroek oan om sels it swimplak te ûnderfinen.
Friso Douwstra en Henk de Boer wiene ûnder de yndruk. Sy fûnen de ûntwerpen fernijend. De swimmers en doarpsbelang fûnen harren winsken werom yn de ûntwerpen en wiene bliid mei it yngreven ûndersyk fan de learlingen. De ûntwerpen wurde no fierder útwurke troch it projektteam Versterken Friese IJsselmeerkust.
Mochtst yn de takomst ris yn in dûk nimme by Laaksum, dan is it mei troch dizze Technasium-learlingen datst feilich it wetter yn en út komme kinst!
