Ga naar inhoud
Strand Makkum en pier

21 miljoen euro foar de Fryske Iselmarkust

It ynvestearringsprogramma Aanpak Grote Wateren (PAGW) fan it Ryk stelt 21 miljoen euro beskikber foar projekten oan de Fryske Iselmarkust. Dêrneist is ek noch in bedrach beskikber foar it útfieren fan in ferkenning. Dit makken minister Harbers fan Ynfrastruktuer en Wettersteat en minister Van der Wal fan Natuer en Stikstof op 20 desimber 2022 bekend.

Deputearre Friso Douwstra út namme fan alle belutsen partijen: “Wij zijn opgetogen over dit resultaat. Er is hard samengewerkt om tot een samenhangend voorstel te komen dat naadloos aansluit op de ambities die wij hebben voor het Friese IJsselmeerkustgebied. Bij de verdere uitwerking willen wij maatschappelijke ideeën en plannen die er al zijn in het gebied koppelen. Zo ontstaat grote meerwaarde.”

De PAGW is bedoeld foar de ferbettering fan de ekologyske wetterkwaliteit en fersterking fan de natuer. Yn de perioade 2030 -2033 is 348 miljoen beskikber foar alle grutte wetters yn Nederlân. Under oanfiering fan de provinsje Fryslân wurken de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren, Wetterskip Fryslân en de gearwurkjende natuerorganisaasjes It Fryske Gea, Natuurmonumenten en Staatsbosbeheer oan dizze oanfraach.

Utfiering fan de projekten stiet pland fan 2030 ôf. Oant dy tiid wurkje de partijen de maatregels fierder út en trochrinne se prosedueres dy ‘t neffens de Omjouwingswet needsaaklik binne.

Strân Makkum en pier
Strân Makkum en pier