Ynformaasjejûn Utfieringsprogramma Fryske Iselmarkust
It konsept ‘ Uitvoeringsprogramma Friese IJsselmeerkust ‘ is klear. Dat lizze wy begjin 2024 graach oan jo foar. Yn it programma steane in tal aksjes en projekten dêr ‘t wy mei starte wolle. De ideeën dêrfoar hawwe wy earder by jo ophelle.
Meiprate by gearkomste
It útfieringsprogramma is in konsept. Wy hearre graach fan jo oft it programma oanslút by de winsken en behoeften fan jo as ynwenner of belanghawwende. Dêrom nûgje wy jo fan herten út om del te kommen en mei te praten oer it útfieringsprogramma. Jo binne wolkom op ien fan de folgjende jûnen:
Wannear en wêr
Moandei 15 jannewaris 19.00 – 21.00 oere yn It Anker yn Makkum
Tongersdei 18 jannewaris 19.00 – 21.00 oere yn De Kaap yn Starum
Tongersdei 1 febrewaris 19.00 – 21.00 oere yn De Rolpeal yn Warkum
Tiisdei 13 febrewaris 19.00 – 21.00 oere yn gemeentehûs De Fryske Marren (Riedseal) op De Jouwer
Yn dy gearkomsten fertelle wy hoe ‘t alle ideeën ferwurke binne ta dit útfieringsprogramma. Wy hearre graach oft jo noch nije kânsen sjogge om hjiroan ta te heakjen.
Programma
19.00 oere | Ynrin
19.15 oere | Iepening troch wethâlder belutsen gemeente
19.20 oere | Presintaasjes projekten
19.50 oere | Mei-inoar yn petear oer it útfieringsprogramma
20.50 oere | Ofsluting troch bestjoerder
21.00 oere | Neiprate ûnder it genot fan in hapke en in drankje
21.15 oere | Ein gearkomste
Oanwêzich? Meld jo oan!
Folje foar snein 14 jannewaris 2024 dit formulier yn.