Strannen ’t Murnzer Klif wer oanfolle
Foarige wike hawwe wy it strân by ‘t Murnzer Klif oanfolle mei sân en it kitesurfplak werstelt nei de tige wiete perioade.
Mei it frijkommen sân ha we it strân grutter makke sadat mear minsken derfan genietsje kinne. Mei it hege wetterpeil yn de Iselmar en it wiete waar wie it rekreaasjestrân in modderpoel wurden. Wy hawwe it sân dat op de lisgreide waaid wie, brûkt.
Ek ha we derfoar soarge dat it wetter flugger de boaiem ynlûkt of fia ôfwetteringsbuizen nei de Iselmar ôffierd wurdt.
Wy ferwachtsje dat it kitesurfgebiet en de lisgreide no better begeanber bliuwe.
Letter folgje de herstel – en ferbetterwurksumheden fan mear strannen lâns de Fryske Iselmarkust.