Ympuls foar Stoenckherne
Fersterkjen fan in ôfwikseljend natuergebiet
Yn oktober sette wy útein mei wurksumheden yn Stoenckherne, in natuergebiet tusken Hylpen en Warkum, oan de Iselmar. De wurksumheden hearre by it projekt Versterken Friese IJsselmeerkust (VFIJ).
Natuergebiet Stoenckherne
Stoenckherne (yn eigendom fan Steatsboskbehear) leit bûtendyks en stiet ûnder ynfloed fan de wetterpeilen fan de Iselmar. It is in gebiet mei in grutte fariaasje oan lânskipstypen op in relatyf lytse oerflakte. Jo fine dêr ûnder oare oerstreamingsgerslannen, reidrûchte, fochtich healân, moeras en in eardere tijslinke. Fan de maitiid oant ein oktober weidet der yn in grut part fan it gebiet in keppel Limousine-kij. Dat keppel soarget der mei foar dat it lânskip iepen bliuwt. Ek al is der yn it gebiet noch in soad fariaasje, de dynamyk yn it gebiet is – nei it ôfsluten fan de Sudersee – wol sterk ôfnaam. In grut part fan it gebiet feroaret stadichoan yn lân en hieltyd mear plakken wurde rûger of groeie ticht mei boskjes.
Wurksumheden
De wurksumheden dy’t dien wurde sille, binne benammen rjochte op it kreëarjen fan gaadlike plakken foar wetterreid, it weromsetten fan rûchte en it iepenjen fan de slinke troch it fuortgraven fan fegetaasje. Op de eilantsjes mei de oanwêzige begroeiïng fierder groeie sadat der in gaadlik briedplak ûntstiet foar bygelyks de see-earn. De ferwachting is dat it wurk ein 2024 klear is. Yn de maitiid fan 2025 sil de keppel mei Limousine-kij wer ynset wurde. Ekstinsyf weidzjen bliuwt, krekt as meanen, in wichtige manier om de fariaasje fan it gebiet te behâlden.
Stoenckherne – Stinkhoek
Stoenckherne lei foarhinne oan de Suderseekust. Al fan de 11e iuw ôf waarden dêr diken oanlein om it achterlân te beskermjen tsjin de Sudersee. Fan dat stuit ôf ûntstiene der ferskate bûtendykse sânplaten, lykas Stoenckherne. De namme Stoenckherne, wat ek wol ‘stjonkhoeke’ betsjut, is ôf te lieden fan de omstannichheid dat der yn dy hoeke in soad materiaal oanspielde dat dêrnei lizzen bleau te ferrotsjen.
