900 bigbags op de Warkumerwaard
900 bigbags op de Warkumerwaard Op de Warkumerwaard wurkje we oan in’stoarmbriedkearing’sadat fûgels aanst feilich briede kinne. De ôfrûne wiken is hjirfoar in nije kade oanlein. Om dizze tsjin weagen fan de Iselmar te beskermjen pleatse we dizze wike goed 900 bigbags. Troch de jierren hinne is de natuerlike beskerming, de skulpebanken, troch stoarm en heech wetter hast ferdwûn. De bigbags binne in tydlike oplossing oant der genôch sân beskikber is foar it realisearjen fan in stevige foarrover.
Mear ynformaasje lêst op de projektside

