Ga naar inhoud

Ideale bried – en paaiplak op de Mokkebank krije foarm

Om fan natuergebiet de Mokkebank de ideale bried – en paaiplak foar fûgels en fisken te meitsjen, is oannimmer Van der Meer al wiken drok dwaande mei it graven fan slinken en it meitsjen fan kaden om de twa nije moerasgebieten hinne. De nije ynrjochting fan dit natuergebiet wurdt sa hieltyd mear sichtber. Ek it plak dêr’t aanst de fisktrep komt, krijt foarm. Foar wa’t benijd is wat der allegearre bart en witte wol hoe’t it rike natuergebiet nóch oantrekliker makke wurdt foar fûgels en fisken organisearret It Fryske Gea op sneon 2 novimber in nijsgjirrige kuierekskurzje. Gean mei nei it gebiet oan de Iselmarkust, lizzend oan de Wieldyk tusken Bakhuzen en Laaksum, en besjoch mei eigen eagen hoe’t It Fryske Gea tegearre mei alle partners dit natuergebiet in flinke ympuls jout.

Mear romte foar fûgels en fisken

Yn de twa moerasgebieten ûntwikkelje har aanst in soad wetterplanten en reid dat yn it wetter stiet. Dêrneist krije de gebieten in natuerlik wetterpeil. Sa kinne fisken it gebiet aanst ynswimme fia de fisktrep en der nei it paaien fia dûkers der wer út. De jonge fisken kinne yn de sompegebieten opgroeie en dêrnei fierder lûke nei de Iselmar. Trochdat aanst it wetterpeil yn de moerassen in natuerlik ferrin krijt, yn de winter heech en simmer leech, wurdt it ek in oantrekliker leefgebiet foar fûgels lykas de wytstirns, fiskearn en reiddomp. De ferwachting is dat de wurksumheden yn de hjerst fan 2025 klear binne.

Ynskriuwen ekskurzje

Op sneon 2 novimber fertelt in entûsjaste gids mear oer it wurk dat no útfierd wurdt en oer de bysûndere planten en bisten dy’t aanst yn dit gebiet te finen binne. De ekskurzje jout in eksklusyf blik yn it gebiet dat oars net tagonklik is foar publyk. Der binne noch in pear plakken beskikber. Ynskriuwe kin fia www.itfryskegea.nl/aktiviteiten. Lûk wol kapperzen oan want it terrein is wiet en modderich. Dizze ekskurzje is ûnderdiel fan’e Gaasterlânske Natuerwike, in wike fol aktiviteiten yn en oer de natuer. Duorsum, grien, aktyf en edukatyf foar jong en âld. It programma fynst op www.gaasterlandsenatuurweek.nl

Fersterkje Fryske Iselmarkust

De ferbetteringen oan it gebiet de Mokkebank binne ûnderdiel fan it projekt Versterken Friese IJsselmeerkust en is mei mooglik makke troch in bydrage fan Vogelbescherming Nederland en de Nationale Postcode Loterij.