Eefkes byprate oer it programma Fryske Iselmarkust
Der bart in soad oan de Fryske Iselmarkust. Ut it projekt Versterken Friese IJsselmeerkust wei binne wy op dit stuit op trije lokaasjes hurd oan it wurk om de natuer te herstellen. Mar dêrnjonken wurdt ek it programma Iselmarkust hieltyd konkreter. Underwilens hawwe wy in ambysjedokumint, it útfieringsprogramma, de digitale ideeëkaart en in soad losse ynstjoerde ideeën. No rest ús allinnich noch de fraach: wêr kinne én gean we it jild de kommende jierren oan besteegje om de Fryske Iselmarkust noch moaier te meitsjen?
600 ideeën
Begjin 2024 organisearren wy fjouwer gearkomsten om fierder te praten oer it útfieringsprogramma Fryske Ijsselmeerkust. By dy sesjes waarden ek noch mear winsken en inisjativen ophelle. Yn totaal leit der no in list fan sa’n 600 ideeën. Dat binne tefolle om allegear út te fieren. Dêrom is buro Witteveen + Bos oan de slach gien. Oan de hân fan de folgjende kritearia hawwe sy in earste seleksje makke:
- Leit it idee binnen de berik fan it programma?
- Is it geografysk sjoen wol tichtby de Iselmarkust?
- Is it idee goed en konkreet omskreaun?
- Wurdt it idee net al oppakt út in besteand projekt?
Op basis fan dy fragen binne der sa’n 400 ideeën ôffallen. De folgjende stap is om de oerbleaune 200 ideeën fierder út te wurkjen en te kommen ta in konkrete list dêr’t wy mei oan de slach gean.
Wurksesjes
Dêrom hawwe wy yn it neijier fan 2024 wer twa wurksesjes organisearre. Mei as doel de 200 oerbleaune ideeën fierder te bepraten. Hjirby wiene minsken oanwêzich fanút de provinsje Fryslân, de gemeenten de Fryske Marren en Súdwest-Fryslân, it Wetterskip Fryslân, Steatsboskbehear en Fryske Gea en ta beslút ek fan de Wurkgroep Fryske Iselmarkust. Lêstneamde is in groep entûsjaste frijwilligers dy’t him ynset foar in noch moaiere Iselmarkust.
Pearels en it keatling
By de wurksesjes hiene wy it sprekwurdlik oer de pearels by de kust lâns en hoe’t wy dy oaninoar ferbine kinne mei in ketting. Hokker pearels binne der al lâns de kust? Missen we noch pearels dy’t noch net op de list mei ideeën stean? En hokker pearels moatte wy noch oppoetse (opknappe)? En ta beslút, hokker pearels hawwe ferlet fan in bettere berikberens.
Planning foar de kommende tiid
We gaan nu achter de schermen verder aan de slag om keuzes te maken. Wy hoopje meikoarten in konkrete list te hawwen en dêrnei mei de tarieding op de earste projekten útein te setten. Wy kommunisearje hjiroer fia dizze webside en de nijsbrief.