Oan de slach op de Makkumer Noardwaard
De kommende twa moannen wurket Lean – & Grondverzetbedrijf Brandsma op de Makkumer Noardwaard. Dit beskerme en foar publyk ûntagonklik natuergebiet leit foar de kust by Makkum. It is in prachtich plak dêr’t fûgels briede en rêste. Wisten je dat der mear as 220 ferskillende soarten sinjalearre binne? En dat it ien fan de grutste ûnbewenne eilannen yn Nederlân is.
Wat sille we dwaan?
We sille de skulpebanken lâns de westkust fan it eilân werstelle. We sille lân (bosk en strûken) fuorthelje, sadat de kustline wer in brede sânbank en skulpebank wurdt. Dit is úteinlik wer goed foar floara en fauna yn it gebiet. Ek komme der trije depots dêr’t we it meande gewaaks opslaan kinne, dit fergiet en dat kinne we dan mei de tiid wer opnij brûke yn it gebiet. Sa binne wy sirkulêr dwaande mei de natuerlike materialen yn it gebiet.