Plattedyk op De Lemmer opknapt
De Plattedijk op De Lemmer is de lêste moannen flink ferbettere. De wurksumheden binne úteinset yn it neijier fan 2024 en binne begjin april fan dit jier ôfrûne troch gemeente De Fryske Marren. Troch it goede waar fan de ôfrûne tiid wie it wurk oan de dyk gau klear. De tagong foar automobilisten likegoed as fuotgongers nei it parkearterrein ta is ferbettere. En der is in dúdlike rinrûte foar fuotgongers nei it strân makke. Ek it sintrumgebiet is trochlutsen nei de Plattedijk om in besite oan it doarp sa noch oantrekliker te meitsjen. Foar autoferkear is it no dúdliker dat se it sintrumgebiet yn ride. It asfalt is nammentlik ferfongen troch klinkers. Dizze werynrjochting fan de Plattedijk is ûnderdiel fan Versterken Friese IJsselmeerkust.




