Skulpebanken op Makkumer Noardwaard wer yn byld
De kustline fan de Makkumer Noardwaard is net mear werom te kennen yn syn âlde steat. Troch it wurk dat Lean – & Grondverzetbedrijf Brandsma de ôfrûne tiid ferset hat, binne de prachtige skulpebanken wer sichtber. Dit is nammentlik ien fan de unike eigenskippen fan it eilân. De skittering fan de tûzenen skulpen kinst fan de Ofslútdyk ôf al goed sjen. De skulpen binne in oerbliuwsel út de Sudersee tiid. It binne nammentlik de restanten fan de húskes fan weakdieren dy’t eartiids yn it sâlte wetter libben. Troch de weagen en streaming spiele se oan op de Makkumer Noardwaard.
Troch grutte strûken en bosk, wie de kustline de lêste jierren ticht begroeid en soms amper mear te sjen. Dizze planten binne no dêr foar it grutste part kapt en fuorthelle. Sa is it gebiet wer mear iepen op bepaalde plakken, wat goed is foar de floara en fauna. Wistest dat de reeën swimmend de oerstek meitsje? En datst hjir ek in foks, de Noarske wrotmûs of de briedende see-earn spotte kinst?
Ek ris sjen?
It gebiet is net tagonklik foar publyk. Mar wolsto ek ris ûnder begelieding fan in gids kuierje oer dit unike en ien fan de grutste ûnbewenne eilân? Dat kin mei It Fryske Gea. Sjoch op de webside foar de earstfolgjende datum fan in ekskurzje.
Understeande foto’s binne makke by de technyske oplevering fan it gebiet tusken de opdrachtjouwers en de oannimmer.




