De projekten út de loft wei
No’t de simmerfakânsje wer foarby is en ek it fûgelbriedseizoen op in soad plakken wer oer is, wurdt it wurk op de ferskate lokaasjes wer oppakt. It Fryske Gea makke koartlyn moaie bylden fanút de loft dêr’t goed op te sjen is hoe’t it der foar stiet.
Mokkebank
Op de Mokkebank binne yn de maitiid de moerassen útgroeven. Underwilens is it gebiet hielendal grien en begroeid. Fan boppe ôf binne de kontoeren goed sichtber. Mear lêze oer dit gebiet? Je lêze it op de projektside.



Warkumerwaard
Ek op de Warkumerwaard is in soad feroare. De stoarmbriedkearing is oanlein en de fûgels genietsje fan it gebiet. Sjochsto de pauguozzen swimmen?



Makkumer Noardwaard
Yn de maitiid is der hurd wurke op de Makkumer Noardwaard. Dit ûnbewenne eilân foar Makkum is in leefgebiet foar in soad fûgels en oare bisten, lykas de foks en reeën. De skulpebanken binne no wer goed sichtber en der binne in soad strûken fuorthelle om romte te meitsjen. Mear hjiroer lêze? Gean nei it nijsberjocht. Op de foto’s is it moaie gebiet goed sichtber.


