Slagge ynformaasjejûn Hylpen
Op woansdei 26 augustus fûn der in ynformaasjejûn plak yn Hylpen. Op de gearkomste yn De Foeke waarden de plannen foar it strân en it badpaviljoen by Hylpen presintearre. Oan it wurd wiene projektteam Versterken Friese IJsselmeerkust (út namme fan Provinsje Fryslân) en Oannimmer Van Oord dy’t beiden mear fertelden oer de opwurdearring fan it strân en it kustgebiet. Ek wie it wurd oan BOEi, dy’t as nije eigener fan it badpaviljoen in ympresje joech fan de plannen foar it paviljoen. De jûn waard mei-presintearre en – organisearre troch Pleatslik Belang Hylpen. De 120 ynteressearren waarden meinaam yn in boeiende presintaasje oer alle plannen. Oan ‘e ein waard der rom tiid naam om alle fragen út de seal te beäntwurdzjen.
De powerpointpresentatie kinne jo hjir besjen. Der kinne gjin rjochten ûntliend wurde oan de ympresjes dy’t yn de presintaasje jûn wurde.




