Wurksumheden eilantsjes by Molkwar
Rykswettersteat hat oan ús projekt Versterken Friese IJsselmeerkust frege om in projektûnderdiel foar se út te fieren by De Bocht fan Molkwar. Wy sille by Molkwar twa besteande eilantsjes foar de kust werstelle troch stoartstien oan te bringen en de eilantsjes oan te foljen mei sân út de direkte omjouwing. It projekt wurdt ynkoarten oanbestege en der wurde fergunningen oanfrege. Ofhinklik hjirfan wurdt de planning mei de oannimmer fêststeld foar mooglik ein fan dit jier of begjin takom jier foar it briedseizoen.
Ut de PAGW (Aanpak Grote Wateren) fan Rykswettersteat wei binne der ek noch oare plannen by Molkwar. Rykswettersteat wurket dizze plannen noch fierder út. Foar mear ynformaasje en/of fragen oer (eventueel) gruttere ûntwikkelings op dizze lokaasje, sjoch op de webside fan PAGW: IJsselmeergebied | PAGW. De wurksumheden dy’t wy no yn opdracht fan Rykswettersteat dogge by Molkwar hawwe fierder gjin raakflak mei dy takomstplannen fanút PAGW.
