Ga naar inhoud

Versterken Friese IJsselmeerkust

Versterken Friese IJsselmeerkust (VFIJ) is in gearwurking tusken it Ryk en de regio om de Fryske Iselmarkust te fersterkjen, te ferbetterjen en moaier te meitsjen. Regionaal giet it om in gearwurking tusken provinsje Fryslân, gemeente Súdwest-Fryslân, gemeente De Fryske Marren, Wetterskip Fryslân en ferskate natuerbehear-organisaasjes. Dizze organisaasjes sette harren yn foar it fergrutsjen fan de wetterfeiligens, it lytser meitsjen fan de kâns op wetteroerlêst en it ferheegjen fan de ekologyske wetterkwaliteit. It Ryk stelt goed 13 miljoen euro beskikber foar VFIJ. De regio heakket dêr noch 5 miljoen euro oan ta.

Maatregels
Yn ferskate plakken lâns de Fryske Iselmarkust treffe wy maatregels om de kust te herstellen en te ferduorsumjen. By Warkum, Hylpen, de strannen fan Gaasterlân, Mokkebank-Laaksum en Lemmer-Tacozijl steane wurksumheden pland. Under ‘ dielprojekten ‘ lêze jo wat wy per gebiet dwaan sille.

Planning
De ôfrûne jierren stiene yn it ramt fan fergunningen en prosedueres en de technyske tarieding op de wurksumheden. Sûnt 2024 is op tal fan lokaasjes it wurk úteinset. De projekten by de Makkumer Noardwaard, de swimtrep by Laaksum en oan de Plattedyk by De Lemmer is al klear.

De folgjende projekten wurde nei alle gedachten yn it neijier fan 2025 ôfrûne:
Mokkebank
Stoenckherne
Warkumerwaard

Nei ferwachting start begjin 2026 it wurk by Warkum oan de strekdaam en It Soal. De kommende tiid sille wy de oare dielprojekten fierder útwurkje en oanbesteegje. It doel is om de wurksumheden op ein 2026 klear te hawwen.

Mear ynformaasje
Hawwe jo nei it lêzen fan de ynformaasje fragen? Nim dan kontakt op troch in e-mail te stjoeren nei: frieseijsselmeerkust@fryslan.frl. Jo kinne ek in besite bringe oan it projektburo fêstige oan de Suderséleane 7 yn Warkum. Omdat it buro net alle dagen beset is, riede wy jo oan in ôfspraak te meitsjen.

Dronefilmke fan it gebiet dêr ‘t de maatregels fan Versterken Friese IJsselmeerkust toand wurde.