Ga naar inhoud

Gaasterlân

Yn it maatregelpakket leit it aksint op de ekonomyske ûntwikkeling fan de Fryske Iselmarkust en eroazje-oanpak mei it opknappen fan de strannen De Hege Gerzen en ’t Murnzer Klif.

Dy strannen binne yn de ôfrûne jierren flink erodearre. Dêrtroch wurdt it strân – en dêrmei de beskikbere romte foar rekreanten – hieltyd smeller.

Om it ôfbrokkeljen fan it strân by it Murnzer Klif werom te draaien sil der sân opspuite wurde. It strân wurdt dêrby oanfolle en kriget de foarm fan in drip, dêrneist sil it strân in nij profyl krije. De al besteande daam sil soargje foar it yn stân hâlden fan it nije strân.

By de Hege Gerzen wurdt it strân, dat fuortspield is, wer oanfolle. By it oanfoljen wurde de besteande struktueren fan it strân folge. Dêrby wurdt oan beide kanten fan de besteande daam in strân foar rekreaasje makke. Dêrneist wurdt der oan de westkant in lytse daam oplutsen om it sân fan it nije strân fêst te hâlden.