Ga naar inhoud

Hylpen

It strân fan Hylpen (by it badpaviljoen en camping Schuilenburg súdlik fan de stêd Hylpen) hat te krijen mei strânôfslach en problemen mei it fêsthâlden fan sân. It sân spielt dêr wei yn ‘e rjochting fan de haven fan Hylpen. De kust wurdt dêr opknapt mei robúste sân fêsthâldende maatregels yn kombinaasje mei sânsuppleesje. Mei dy maatregels wurdt op de regionale ambysje om de badkultuer by de strannen súdlik fan Hylpen werom te bringen ynspile.

It strân by Hylpen wurdt opknapt troch, oer in lingte fan sawat 350 meter, sân oan te bringen. Om it ôfbrokkeljen fan it strân by Badpaviljoen Hylpen foar te kommen wurdt ûnder wetter in beskermjende konstruksje yn ‘e foarm fan in filter oanbrocht. Dy konstruksje rint parallel oan it strân fan de súdkant oant it badpaviljoen. Sa wurdt tefoaren kommen dat it strân ôfbrokkelet, en kinne badgasten fan it strân genietsje. Tagelyk wurde de mooglikheden foar wettersporters (benammen kiters) op it strân net beheind.