Ga naar inhoud

It Soal

It rekreaasjegebiet It Soal hat ek mei eroazje yn kombinaasje mei it ûnregelmjittich fersânjen fan strân en farwetter. Benammen nei stoarmich waar binne in part fan it strân fan It Soal en de sânplaten dy’t derfoar lizze fuortslein en ferdwynt in grut part fan it sân yn it farwetter. Dat hat in grillich karakter, wêrtroch’t it net altyd dúdlik is oft it ferantwurde is it farwetter te brûken.

It farwetter It Soal is lykwols in krúsjale ferbining nei de havens yn Warkum en it binnendyks fargebiet Fryske Marren. Mei in nije profilearring fan it strân yn kombinaasje mei in nije strekdaam noardlik fan it farwetter, dy’t ek gebrûksmooglikheden foar rekreaasje kriget (kuierpaad, ynlitfoarsjennings foar boaten en fiskplakken), wurde de eroazje- en fersâningsknyppunten oplost. It leveret in mear betrouber farwetter op en it strân bliuwt better op syn plak. Mei dy kombinearre eroazje-maatregel en regionale keppelkânsen (ûnder oare realisaasje strekdaam, gebrûksmooglikheden foar wetterrekreaasje optimalisearje) is in duorsume oplossing foar de knyppunten by It Soal fûn. In maatregel dy’t duorsumer is as it breder meitsjen en periodyk baggerjen fan it farwetter. De berikberens fan Warkum komt dêrmei op ‘e selde streek as dy fan oare grutte (rekreaasje)havens yn it Iselmargebiet dy’t fol op ‘e wyn lizze. Dy binne fierhinne allegearre fan beskermjende havendammen foarsjoen.