Makkumer Noardwaard
Dit projekt, op ien fan de grutste ûnbewenne eilannen fan Nederlân, is yn de maitiid fan 2025 ôfrûne. It wurk wie rjochte op werstellen fan de bysûndere kustline en te soargjen dat it gebiet wer better te behearen is. De Makkumer Noardwaard is ien fan de trije natuergebieten foar de kust fan Makkum. De oare twa binne de Makkumer Súdwaard en de Koaiwaard. Alle trije ûntsteane as begroeide sânplaten, mar no elk mei syn eigen útstrieling en skaaimerken. Wat de Makkumer Noarwaard ûnder mear bysûnder makket, is de kustline mei skulpebanken. En krekt dy binne no wer herstelle.
Wurksumheden
De Makkumer Noardwaard is in moai grien gebiet, mar wie de ôfrûne jierren ek flink begroeid mei struweel. Dizze grutte strûken soargje der ek foar dat it gebiet net mear goed te ûnderhâlden is. Wat fansels net winske is om it gebiet goed behearen te bliuwen. Dêrom binne de planten dêr foar it grutste part kapt en fuorthelle. Sa is it gebiet wer mear iepen op bepaalde plakken, wat goed is foar de floara en fauna. Ek binne der trije depots makke dêr’t it ynsammele gewaaks opslein wurdt, dit fergiet en dat kinne we dan mei de tiid wer opnij brûke yn it gebiet. Sa binne wy sirkulêr dwaande mei de natuerlike materialen yn it gebiet.
Skulpebank
De skulpebanken foarmje ien fan de unike eigenskippen fan it eilân. De skittering fan de tûzenen skulpen kinst fan de Ofslútdyk ôf al goed sjen. De skulpen binne in oerbliuwsel út de Sudersee tiid. It binne nammentlik de restanten fan de húskes fan weakdieren dy’t eartiids yn it sâlte wetter libben. Troch de weagen en streaming spiele se oan op de Makkumer Noardwaard. Op it eilân komme in soad ferskillende bistesoarten foar. Wistest dat de reeën swimmend de oerstek meitsje? En datst hjir ek in foks, de Noarske wrotmûs of de briedende see-earn spotte kinst?
Ek ris sjen?
It gebiet is net tagonklik foar publyk. Mar wolsto ek ris ûnder begelieding fan in gids kuierje oer dit unike en ien fan de grutste ûnbewenne eilân? Dat kin mei It Fryske Gea. Sjoch op de webside foar de earstfolgjende datum fan in ekskurzje.