Ga naar inhoud
Luchtfoto van de Mokkebank

Mokkebank – Laaksum

In part fan de yn 1993/1994 oanleine sânplaten (120.000 m3) binne yn ‘e rin fan de tiid nei djipper wetter fuortspield. De maatregels dy’t rjochte binne op it werombringen fan fitaal wetterreid, ûnder oare troch it kreëarjen fan in natuerlike peilpolder.

Yn natuergebiet Mokkebank wurde twa polders mei natuerlik wetterpeil realisearre. Troch it natuerlike wetterpeil yn dy polders ûntstiet der in wietere situaasje yn ‘e winter en yn ‘e maitiid. Dat is geunstich foar in optimaal funksjonearjend moeras en ûnderstrûpend gerslân. Yn dy polders mei natuerlik wetterpeil wurdt in patroan fan slinken kreëarre om ekstra (natuerfreonlike) wâlskanten te realisearjen. Troch hurde en steile wâlskanten fan stien en rjochte diken binne in soad gebieten mei ûndjip wetter en sânplaten ferlern gien en misse sêfte wâlskanten. De polders mei natuerlik wetterpeil en slinken biede, troch de oanlis fan eilannen, ûndjipten, reidfjilden en wâlskantelân, libbensgebiet foar (bried)fûgels. Sa kin bygelyks de blaustirns wer genôch miggen fange yn gebieten mei ûndjip wetter en op de keale sânplaten útrêste. Dêrneist wurdt der in fiskpassaazje makke en dat sil de fiskstân yn it Iselmargebiet te’n goede komme. Mei-inoar sille de oanlis fan in fiskpassaazje, it kreëarjen fan grutte stikken ekstra natuerfreonlike wâlskanten en de oanlis fan ûntbrekkend libbensgebiet in grutte bydrage leverje oan it ferbetterjen fan de natuerfunksje fan it Iselmargebiet.

De Mokkebank wurdt opsplitst yn in westliken eastlik part. Yn beide parten sil in natuerlik peilpolder realisearre wurde, dy’t ûnderling mei inoar yn ferbining steane troch in dûker dy’t ôfsletten wurde kin. Beide polders sille in aparte ynlit krije mei in weromslachklep. De lokstream sil mei in wetterwynmûne (yn beide peilpolders ien) opwekke wurde. Oan de eastgrins fan de Mokkebank-West komt in bekkenfiskpassaazje dy’t op beide peilpolders oanslút. Yn ‘e polders sil in patroan fan slinken groeven wurde. Troch it natuerlik reliëf en it graven fan slinken ûntsteane der drûge hege parten en wiete lege parten en permanint wetter yn ‘e slinken. Trochdat it wetter natuerlik op en del giet ûntstiet der in oergong yn fegetaasjetypen. Fan iepen wetter nei flauwe wâlskanten mei slyk en wetterplantfegetaasjes dy’t yn wetterreid oergeane, reidrûchte nei op de hegere dielen by meanen skraal gerslân. Om de natuerlik peilpolder hinne sil in kaaidyk oanlein wurde, op de kaaidyk lâns de haadslinken sil in ûnderhâldspaad oanlein wurde.

Op ’t Murnzer Klif wurde grutte parten fan it reid ôfplagge om mear wetterreid foar fisken en reidbriedfûgels te realisearjen. De plaggen wurdt yn in wurkpaad, dat oan de noardkant leit en oer de hiele lingte fan it gebiet rint, ferwurke. Tsjin dat wurkpaad wurdt in haadslinke groeven mei heaksk dêrop ôfsplitsings yn ‘e foarm fan smelle slinken. Tusken de smelle slinken ûntsteane dêrtroch blokken dêr’t wetterreid him ûntwikkelje kin. De hjoeddeistige reid- en tuorreboutfegetaasje, dy’t op de kwabben sân oan de Iselmarkant sit, wurdt yn stân hâlden.

Yn dit maatregelpakket is de oanpak fan eroazje kombinearre mei ekologyske en toeristysk-rekreative maatregels. It jout ek ynfolling oan de ferbettering fan de mooglikheden foar it rekreatyf belibjen fan kultuerhistoarje en natuer. Der komt in fûgelsjochplak en mooglik in kuierferbining fia in strúnpaad lâns de (noch yn it lânskip sichtbere) âlde (flecht)haven fan Laaksum. De haven yn it doarp Laaksum wurdt kwalitatyf ferbettere, û.o. de mearpeallen en ek komt der in swimtrap om fan de dyk ôf feilich swimme te kinnen.

Tekening van het westelijk deel van het project Mokkebank
Tekening van het oostelijk deel van het project Mokkebank