Ga naar inhoud

Stoenckerne

De besteande strekdaam liedt ta sânoanwaaks yn it noardlik part fan it natuergebiet Stoenckherne, in buffer foar de efterlizzende slykplaten en reidgebieten. De oanpak is fierder rjochte op it fitaal meitsjen fan it reid, it kreëarjen fan slykrânen en it realisearjen fan in gebiet mei natuerlik peil, yn kombinaasje mei bredere wettergongen. Dêrmei foarsjocht it yn oplossings foar de negative effekten fan it omkearde peil fan de Iselmar en leveret it in relevante bydrage oan de ekologyske kwaliteit fan it wettersysteem fan de Iselmar.

Troch it útgraven fan in slinke oan de eastkant fan it skiereilân wurdt in eilân kreëarre. Oan de súdkant fan it eilân wurdt de besteande slinke ferbrede en ferdjippe. De slinken komme oan de eastkant fan it eilân byinoar, en fan dat punt ôf wurdt in nije slinke troch it reidlân groeven rjochting de besteande sleat. Twa sydtûken fan dy sleat, dy’t yn de healannen yn de súdeasthoeke fan Stoenckherne lizze, wurde ferlinge. Yn de reidstripe tusken de healannen en de jachthaven fan Hylpen wurdt in poel groeven dy’t oanslute sil op it sleattepatroan fan de healannen en troch in dûker streekrjocht mei de Iselmar yn ferbining stiet.
Om de healannen en de reidstripe komt in stek.