Dit maatregelpakket befettet oplossings foar de eroazjeproblemen en it ôfnimmen fan de ekologyske kwaliteit fan de wichtichste natuergebieten fan de Iselmar, Warkumerwaard , Stoenckherne en it tuskenlizzende rekreaasjegebiet It Soal.
Yn it pakket komt de oanpak dy’t men foar eagen hat, rjochte op gearwurking, yntegraasje en synergy, it meast ta syn rjocht. It is in kombinaasje fan de oanpak fan eroazje en de ynfolling fan keppelkânsen op it mêd fan ekonomy (toerisme en rekreaasje), kultuerhistoarje en ekology.
Wat sille wy dwaan?
- Ferbetterje en útwreidzje natuer Warkumerwaard (eroazje)
- Ferbetterje en útwreidzje natuer Stoenckherne (eroazje)
- Strekdaam foar it farwetter It Soal ferlingje
- Mooglikheden foar kitesurfers en wettersporters by strân ferbetterje