De ambysjes
De plannen foar de Fryske Iselmarkust rjochtsje har op fiif tema’s: wetter, kultuer, natuer, enerzjy en ekonomy.
Wetter
De Ofslútdyk hat de regio feiliger makke, mar hege wetterstannen bliuwe in risiko. Troch de opgeande seespegel binne sterke diken nedich om leechlizzende gebieten te beskermjen. Sûnder aksje komme dizze gebieten yn de takomst ûnder wetter te stean. De diken wurde fersterke om it wetter ek by piken keare te kinnen.
Us ambysjes foar wetter binne:
- Wrâldmerklieder wetterkwaliteitstechnology
- Utstekkend en takomstbestindich wettersysteem
Kultuer
De ynfloed fan wetter op it lânskip is dúdlik te sjen yn doarpen, stêden en natuer. Dit makket it Iselmargebiet, en de oangrinzjende Fryske Marren, oantreklik foar toeristen.
Us ambysje foar kultuer is:
- De Fryske Iselmarkultuer ynternasjonaal bekend meitsje
Natuer
De Iselmar is in unyk natuergebiet fan ynternasjonale betsjutting. Grutte oantallen fûgels ferbliuwe, foerazjearje, rêste en briede yn it iepen wetter fan de Iselmar en oan de rânen fan it gebiet. De Iselmar foarmet it grutste oaniensletten sykwettergebiet fan West-Europa. De natuerlike oeverhabitats komme fierder noch net in soad foar yn Nederlân en binne fan nasjonaal belang foar fisken en fûgels. Dêrneist libje der in soad lytse sûchdieren.
Us ambysje foar de natuer is:
• Foaroprinne yn natuerûntwikkeling om miljeu – en klimaatdoelen te heljen
Enerzjy
It noardeastlik part fan it Fryske marregebiet is ûntstien yn de 16e iuw troch de fraach nei turf. En ek hjoed-de-dei bepaalt enerzjy it lânskip. Wy steane foar grutte útdagingen en moatte oerstappe fan fossile enerzjy nei duorsume waarmteboarnen. Yn it lânskip om de Iselmar hinne is dit sichtber oanwêzich. Mei moderne wynmûnen en grutskalige sinneparken wurdt griene stroom opwekt foar de regio. Net elkenien stiet hjirefter.
Us ambysjes foar enerzjy binne:
- Toanjaand ynnovatyf produsint duorsume enerzjytechniken
- Enerzjyneutrale regio
Ekonomy
It lânskip feroaret kontinu troch de ekonomyske ûntwikkelingen lykas fiskerij, lânbou, skipsbou en de tegelyndustry. Ek groeit it toerisme. We wolle de lokale ekonomy goed fasilitearje mar ek it lânskip beskermje. Wy sykje kontinu nei in goede balâns tusken ekonomy en it beskermjen fan it lânskip.
Us ambysjes foar ekonomy binne:
- Europeesk koprinner yn sirkulêre ekonomy
- Oantreklik rekreaasjegebiet foar koarte – en lange ferbliuwsrekreaasje
- Ynternasjonaal ûnderskiede duorsum lânbouproduksjekluster
Mear witte? Lês it ‘Frysk Ambysjedokumint Iselmarkustgebiet’ foar alle ambysjes.