Slagge gearkomsten Fryske Iselmarkust
It konsept-útfieringsprogramma Fryske Iselmarkust is klear. De ôfrûne tiid praten wy mei sa’n 200 ynwenners en belanghawwenden oer de plannen foar de Fryske Iselmarkust. Wy hawwe fjouwer suksesfolle gearkomsten hân yn de gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren. Yn dy gearkomsten hellen wy op ‘e nij in soad winsken en behoeften op foar it Iselmargebiet.
Hoe no fierder?
Alle ynformaasje dy ‘t wy yn de gearkomsten ophelle hawwe, wurkje wy út en bringe wy yn kategoryen ûnder. Tink bygelyks oan:
- Wat is helber en wat net?
- Hokker ideeën kinne wy fierder ûndersykje en wat kin mei yn de ferkenningen?
- Kinne wy beskate winsken en behoeften op in tûke wize keppelje oan (diel)projekten?
Net alles kin en wy sille kieze moatte. Troch it sa oan te pakken hoopje wy dy karren goed trochtocht meitsje te kinnen.
Elkenien dy’t in bydrage levere hat oan it útfieringsprogramma troch de winsken en behoeften oan ús kenber te meitsjen, tige tank! Wy komme der meikoarten by jo op werom fia de mail of in berjocht op dizze webside.
Noch net oanmeld foar de nijsbrief? Stjoer dan in mailtsje nei frieseijsselmeerkust@fryslan.frl.
