Ga naar inhoud

Opwurdearring entreegebiet Joadske Begraafplak De Lemmer

By De Lemmer starte tiisdei 26 maaie it wurk oan it entreegebiet fan it Joadske begraafplak Tacosyl. Ut it projekt Versterken Friese IJsselmeerkust (VFIJ) wei wurde de parkeargelegenheid, de tagongsdyk en it stek oanpakt. VFIJ wurket yn it projekt by De Lemmer gear mei de Provinsje Fryslân, gemeente De Fryske Marren, Wetterskip Fryslân en de Stichting Joodse Begraafplaats Tacozijl. De wurksumheden duorje sa’n 8 wiken en wurde útfierd troch oannimmer WMR út Rinsumageast. Under de wurksumheden wurdt gjin oerlêst ferwachte foar it trochgeande ferkear.

Lês mear dit wurk by it Joadske Begraafplak oer op de projektside