Ga naar inhoud
Excursie op de mokkebank

Mokkebank groeit út ta kreamkeamer foar fûgels en fisken

De earste monitoaringsresultaten fan de Mokkebank litte sjen dat de werynrjochting fan it gebiet fertuten docht. Twa jier nei de start fan it wurk ûntwikkelet it gebiet him ta in wichtige kreamkeamer foar fisken en in oantreklik leefgebiet foar karakteristike moerasfûgels. Yn in ekologyske ekspertmeeting op 24 juny dielden It Fryske Gea en Versterken Friese IJsselmeerkust (VFIJ) de befiningen mei partners en eksperts út it fjild.

De positive resultaten binne basearre op ferskate monitoaring-ûndersiken, wêrûnder de BMP-briedfûgelmonitoring, fiskmonitoring, fiskmonitoaring en wetterstânsmjittingen. Mei-inoar jouwe dy ûndersiken in hieltyd kompleter byld fan de ûntwikkeling fan it gebiet. “ Het mooie is dat we niet alleen zien dat de natuur terugkomt, maar dat we dit ook kunnen onderbouwen met gedegen onderzoek. Dat geeft vertrouwen dat de keuzes die we hier samen hebben gemaakt daadwerkelijk werken ”, seit Chris Bakker, direkteur fan It Fryske Gea.

Ambassadeurssoarte fertelle it ferhaal

Dat de natuer him yn de goede rjochting ûntwikkelet, docht ûnder oare bliken út de oanwêzichheid fan ferskate kenmerkende moerasfûgels. Soarten as de reiddomp, snor, reidsjonger en brune hoanskrobber binne gau nei de ynrjochting fan it gebiet ferskynd as briedfûgel.

Dy fûgels stelle hege easken oan harren leefomjouwing en litte sjen dat de ynrjochting fan it gebiet oanslút by wat sûne sompenatuer nedich hat. Foaral de sterke taname fan de reiddomp is grut: it tal territoaria groeide fan ien nei sân. Ek soarten as de dûkersk en de reidsjonger profitearje sichtber fan de nije ynrjochting. Ekolooch Wibe Altenburg: ” Foaral reiddomp, snor en brune hoanskrobber binne echte sirkersoarten fan it ‘wetterreid’, reidlân dat (ek) yn de maitiid yn it wetter stiet en dêrtroch in feilich leefgebiet biedt oan in hiel skala oan moerassten. Foar de ynrjochting fan de Mokkebank ûntstie sok wetterreid der suver hielendal. ”

Wichtige kreamkeamer foar fisken

Ek ûnder wetter binne de earste resultaten hiel wat ûnthjit. By de fiskmonitoring binne alve ferskillende fisksoarten oantroffen. Opfallend is dat 88 persint fan de fongen fisken út jonge eksimplaren bestiet. Dat wiist derop dat de Mokkebank no al in wichtige funksje hat as paai – en opgroeigebiet foar fisken. By de fiskmonitoring is net allinnich sjoen hokker soarten oanwêzich binne, mar ek hoe’t de fisk him ferspriedt en hokker leeftiidsopbou de populaasjes hawwe.

Neffens Dirk Jan Lepstra fan VFIJ ûnderstreekje de earste resultaten it belang fan langjierrige gearwurking oan natuerherstel by de Fryske Iselmarkust del en helpt it ast de natuer dêrby in setsje joust. “ Ik bin echt ûnder de yndruk fan it herstellend fermogen fan de natuer. Al een week nadat de eerste kranen vertrokken waren de eerste tekenen van herstel al te zien.

Om de Mokkebank wer geskikt te meitsjen foar fûgels en fisken binne de mânske wurksumheden útfierd. Der binne nije slinken en ûndjippe wettersônes oanlein, natuerfreonlike wâlskanten kreëarre en de wetterhúshâlding oanpast, sadat der wer in natuerlik wetterpeil ûntstiet. Ek is in fiskpassaazje oanlein dy’t jonge fisken de romte jout om op te groeien en him fierder te fersprieden. Troch de hurde oergongen tusken lân en wetter te fersêftsjen, ûntstiet in fariearre sompegebiet dat better bestân is tsjin klimaatferoaring en romte biedt oan in grutter bioferskaat. De earste monitoaringsresultaten litte sjen dat dizze oanpak echt effekt hat.

Oer Versterken Friese IJsselmeerkust (VFIJ)

De Mokkebank is ien fan de projekten binnen Versterken Friese IJsselmeerkust (VFIJ). Binnen dit gearwurkingsprogramma wurkje oerheden, natuerorganisaasjes en oare partners gear oan in klimaatbestindige, feilige en soarterike Fryske Iselmarkust. Troch natuerherstel, in natuerliker wetterbehear en it fuortsterkjen fan it bioferskaat wurdt wurke oan in takomstbestindige kustsône dêr’t natuer, wetter en lânskip inoar fersterkje.

De werynrjochting fan de Mokkebank is ta stân kaam troch in brede gearwurking tusken ûnder oare It Fryske Gea, VFIJ, provinsje Fryslân, it Ryk, Vogelbescherming Nederland en de Nationale Postcode Loterij.