Mylpeal berikt by wurksumheden Warkum
By de wurksumheden yn Warkum is in mylpeal berikt: it fierste punt fan de bou fan de strekdaam is berikt troch boubedriuwen Van Oord en Van der Meer. De nije strekdaam soarget derfoar dat de fargeul net ticht sliket, sadat de wetterdjipte foar de skipfeart better hanthavene wurdt. Op de strekdaam komt in betonpaad, wat brûkt wurde sil as kuierpaad. Dêrneist komme der fjouwer fiskploegen foar angelsporters. Ek leit de oannimmer in trailerhelling oan foar lytse boaten op hântrailers. Nei de boufak sil it betonpaad as lêste ûnderdiel oanlein wurde, wêrnei’t de strekdaam yn gebrûk naam wurde kin. Oant dy tiid bliuwt de strekdaam ôfsletten.
Neist de oanlis fan de strekdaam wurdt it rekreaasjewetter ferdjippe en wurdt mei it – út it rekreaasjewetter – fuorthelle sân de Warkumerwaard fersterke. Dizze wurksumheden begjinne nei’t de strekdaam klear is.
