De projekten
De ôfrûne dekenia is de Fryske Iselmarkust hieltyd fierder ôfbrokkele. Under de namme Versterken Friese IJsselmeerkust ynvestearje ferskate partijen mei-inoar hast 17 miljoen euro yn it fersterkjen en oantrekliker meitsjen fan de kust.
De programmatyske Aanpak Grote Wateren (PAGW) is in programma fan de ministearjes Ynfrastruktuer en Wettersteat (IenW) en Lânbou, Fiskerij, Voedselzekerheid en Natuur (LVVN). It doel is om de natuer en wetterkwaliteit op in miljeufreonlike wize te ferbetterjen en te fersterkjen.
Eroazje en sedimintaasje
Eroazje is it proses fan slitaazje fan de kust wêrby’t sân ferpleatst of gehiel ferdwynt. Sedimintaasje is it omkearde en is it ophoopjen fan sân op in beskaat plak lâns de kust. De driuwende krêft achter de eroazje – en fersâningseffekten op de Fryske Iselmarkust is de enerzjy fan wyn en weagen, dy’t it sân noardlik stjoert oan de westkust en it easten oan de súdkust. Dat liedt ta eroazje fan de Fryske Iselmarkust. Yn it gefal fan stoarm kin op gruttere skaal eroazje by de wâlskanten delkomme. Op de lokaasjes dêr’t dizze eroazje optreedt, is meastal net automatysk sprake fan werstel. Fierder is gjin sprake fan in lykmjittige eroazje by de kust del. Tichtby Makkum en De Lemmer fynt bygelyks ek sedimintaasje plak wêrtroch sân de kust krekt oanfollet. Dat jildt ek foar plakken dêr’t no al sânbanken foar de wâl lizze, dy’t oansâning fan de efterlizzende rekreaasjestrannen feroarsaakje. Knelpunten binne der op plakken dêr’t no op de oeverline eroazje waarnommen wurdt en dêr’t sânbanken en eilannen foar de kust ferspiele. De ekologyske kwaliteit fan it wettersysteem en de bûtendykse natuergebieten stiet ûnder druk.
De gearwurking
Fan 2016 ôf wurkje Provinsje Fryslân, gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren, Wetterskip Fryslân, It Fryske Gea en it Ryk gear oan in fisy en programma foar de Fryske kust. Yn de ferkenning binne maatregels en projekten dy’t bydrage oan it fersterkjen fan de Fryske Iselmarkust ynventarisearre. It giet om maatregels dêr’t eroazje oan de Fryske Iselmarkust mei tebekkrongen wurde kin, keppele oan opjeften yn it ramt fan de troch de regio winske ûntwikkeling fan it gebiet. De ‘Aginda Iselmargebiet 2050’ wurdt as paadwizer brûkt. Yn dy Aginda Iselmargebiet 2050 hawwe it Ryk en de regio yn 2018 in rjochtingjouwend perspektyf foar it Iselmargebiet fêststeld. Hjiryn wurdt ek de Fryske kust neamd as gebiet dêr’t opjeften yn gearhing oppakt wurde moatte.
Proses en tiidsplanning
Wy fine it wichtich om belanghawwenden by de fierdere útwurking fan de ûntwerpen foar de ûnderskate (diel)gebieten te belûken. Dit dogge wy op ferskate wizen. Wy meitsje dêrby gebrûk fan de kontakten út it eardere trajekt. Wy binne al in skoft yn petear mei de terreinbehearders lykas It Fryske Gea en ferskate oerheden oer de winsken fan natuer en goede maatregels om eroazje foar te kommen. Op ferskate mominten belûke wy fertsjintwurdigers fan belangeferieningen lykas bygelyks doarpsbelangen, rekreaasjeûndernimmers, wettersportferieningen en de angelsportferieningen. Wy organisearje geregeldwei gearkomsten om belutsenen mei te nimmen yn it proses en ynteraktyf ideeën op te heljen. Dêrneist hawwe we ien-op-ien petearen fierd foar de strannen Hylpen, Murns en Hege Gerzen.