Digitale ideeëkaart
Alle inisjativen dy’t jo op ûndersteande digitale ideeëkaart sjogge, binne út ‘e mienskip wei ophelle. It binne ideeën dy’t ynwenners, ûndernimmers en ferienings hawwe foar it oantrekliker meitsjen fan it Fryske Iselmarkustgebiet. De ideeën steane op ûnderwerp sortearre: Projekten, Kânsen, Kultuer & Erfgoed, Strân, Kuier- en fytspaden en Wetter. Meitsje fia de tabs boppeyn de kaart jo kar. Dêrnei ferskine alle yntsjinne ideeën fan dat ûnderwerp.
Oan ‘e linkerkant steane alle ideeën oersichtlik op in rychje. Yn ‘e kaart sels, rjochts yn byld, is it eksakte plak yntekene. As jo mei de kursor lâns de kleurde blokjes geane, dan lêze jo om hokker idee it giet. Klikke jo op it kleurde blokje, dat ferskynt der mear ynformaasje oer it idee. Jo kinne yn- en útskrolle op ‘e kaart en sa jo sykgebiet fergrutsje of ferlytsje.
Hawwe jo ek in goed idee? Lit it ús witte! Dat kin troch in mail te stjoeren nei secretariaatijsselmeerkust@fryslan.nl.
Disclaimer: Net alle ideeën op dizze kaart kinne of sille útfierd wurde. Dêr is earst in hifking foar nedich op saken as aktualiteit, helberens, finansjele middels dy’t nedich binne, ensfh.