De Lemmer – Teakesyl
De Lemmer
Yn dit maatregelpakket leit it aksint op de ekonomyske ûntwikkeling fan de Fryske Iselmarkust en bestiet foar it grutste part út ynfolle keppelkânsen. De regio ynvestearret yn ien fan de tagongen fan de Fryske Iselmarkust mei it op ‘en nij ynrjochtsjen fan de Plattedyk op ‘e Lemmer, yn de ynfolling fan in missende ferbining yn de fytsrûtestruktuer tusken Teakesyl en Nijemardum en yn it ûntwikkeljen fan in belibbingsplak by Teakesyl. By de ynlit wurde de histoaryske âlde seesluzen en it ferhaal fan it joadske begraafplak wer sichtber yn kombinaasje mei ynformaasje oer de natuerûntwikkeling yn it gebiet. Dy bestiet út de ûntwikkeling fan fitaal reid mei brede wettergongen en puollen, dat bydraacht oan de ekologyske kwaliteit fan it wettersysteem fan de Iselmar.
Teakesyl
It ûntwerp foar Teakesyl slút oan by de neikommende útgongspunten út de Kader Richtlijnwater: it ferbetterjen fan de ekologyske wetterkwaliteit. Ynrjochtingsmaatregels oangeande it ferbetterjen fan de ekologyske wetterkwaliteit binne:
It realisearjen fan in pilot fiskriddegebiet op agraryske grûn; Twa perselen foar it fiskriddegebiet
De oanlis fan in ‘kwakernaak’ fiskpassaazje en dûker dy’t mei de Iselmar yn ferbining steane. De fiskpassaazje soarget derfoar dat der útwreiding is fan de beskikbere habitat foar fisken om te ridzjen en op te groeien. Dat komt de ekologyske wetterkwaliteit te’n goede.
- It realisearjen fan in pilot fiskriddegebiet op agraryske grûn; Twa perselen foar it fiskriddegebiet
- De oanlis fan in ‘kwakernaak’ fiskpassaazje en dûker dy’t mei de Iselmar yn ferbining steane. De fiskpassaazje soarget derfoar dat der útwreiding is fan de beskikbere habitat foar fisken om te ridzjen en op te groeien. Dat komt de ekologyske wetterkwaliteit te’n goede.
- It ôfplagjen fan de moerassône oan de noardkant foar fitaal wetterreid en as opgroeigebiet foar fisken.
- It kreëarjen fan in natuerfreonlike wâlskant
- It realisearjen fan ûndjip wetteroerflak foar opgroeigebiet foar jonge fisken;
- It ferbetterjen fan de ekologyske kwaliteit fan de moerassône en de Tienmeloenplas.
Binnen it maatregelpakket Teakesyl wurdt rekreative belibbing stal jûn troch:
- It oanlizzen fan parkearfasiliteiten op ‘e hichte fan it (eardere) Joadsk Begraafplak;
- It opknappen en/of opkreazjen fan it âlde stek by it Joadsk Begraafplak en it pleatsen fan in (kultuerhistoarysk)ynformaasjeboerd;
- It realisearjen fan twa bankjes, ien oan ‘e binnenkant fan de dyk foar it belibjen fan it Joadsk Begraafplak en ien oan ‘e bûtenkant om fan de natuer (en yn it bysûnder de fûgels) yn ‘e baai te genietsjen.