Ga naar inhoud

Warkumerwaard

De Warkumerwaard hat in soad lêst fan de negative effekten fan eroazje en sedimintaasje. Eroazje is it proses fan slitaazje fan de kust, wêrby’t sân ferpleatst wurdt of hielendal ferdwynt. Sedimintaasje is it omkearde en is it gearheapjen fan sân op in beskaat plak lâns de kust. De hjoeddeistige bûtenwaard rôlet alle jierren ûnder ynfloed fan stoarm en heech wetter inkelde meters op en wurdt dêrtroch hieltyd lytser. Dat wurdt mei in eroazje-oanpak opfongen, rjochte op it oanfoljen mei sân en skulpen.

Op de Warkumerwaard wurdt dêrom in nije bûtenwaard realisearre oer de hiele lingte fan sawat 2,3 kilometer. De lânoanwinning sil likernôch 250 meter de Iselmar yn gean (ôfhinklik fan de grûnbalâns). De lânoanwinning sil oer de hiele lingte troch in skulpebank fêstlein wurde. Tusken de hjoeddeistige bûtenwaard en de nije bûtenwaard wurdt in simmerkaaidyk oanlein, en dêrefter ûntstiet in beskerme gebiet. Dat gebiet wurdt yn de briedperioade, allinne by stoarm, troch in tûke stoarmbriedkearing foar oerstreaming behoede.

As lêste wurdt yn de Warkumerwaard de kâns benuttige om de Warkumer Binnenwaard mei de Iselmar te ferbinen, wêrtroch’t it mei minimale middels in bydrage oan de ekologyske kwaliteit fan it wettersysteem fan de Iselmar leverje kin.