Fryske Iselmarkust
Fryske Iselmarkust
Rêst en romte yn in iepen, griene en wetterrike omjouwing ûnderskiede it Fryske Iselmarkustgebiet. De streek sit fol Fryske skaaimerken: de Fryske marren, de diken, de bosken, iepen greide en kultureel erfgoed dat lange tiid bewarre bleaun is. De minsken dy ‘t der wenje fiele harren bot ferbûn mei it gebiet en mei elkoar. De wrâld feroaret troch maatskiplike ûntwikkelings en technyske ynnovaasjes. Beweging en ûntspanning binne wichtich.
Yn it Fryske Iselmarkustgebiet wurkje Ryk en regio gear om de Fryske Iselmarkust te herstellen en te ferduorsumjen. Provinsje Fryslân, gemeente Súdwest-Fryslân, gemeente De Fryske Marren en Wetterskip Fryslân wurkje gear yn de regio. Dêrnjonken binne ferskate natuerbehearorganisaasjes belutsen om ynfolling te jaan oan de winsken en ambysjes foar it Fryske Iselmarkustgebiet.
Ambysjedokumint 2050
Oerheden, merkpartijen, natuerbehearorganisaasjes en de mienskip slaan de hannen ynien by de oanpak fan de Fryske Iselmarkust. Mei-inoar beskreaunen se harren winsken en ambysjes foar it Fryske Iselmarkustgebiet yn 2050. De winsken en ambysjes binne opdield yn fiif tema’s: wetter, kultuer, natuer, enerzjy en ekonomy. Se binne opnommen yn it ‘Frysk Ambysjedokumint Iselmarkustgebied; rêst, romte en reuring yn in feroarjende wrâld’. De lanlike Aginda Iselmargebiet 2050 brûkten wy as paadwizer foar it Fryske Iselmarkustgebiet.
Partisipaasje
We fregen ynwenners, organisaasjes en brûkers fan de Fryske Iselmarkust nei harren winsken foar it gebiet. Dy partisipaasje late ta in samling fan inisjativen en ideeën. Dy steane beskreaun yn it Oanbiedingsdokumint Fryske Iselmarkustgebiet. Ein 2022 is it oanbiedingsdokumint fêststeld troch provinsje Fryslân, gemeente Súdwest-Fryslân, gemeente De Fryske Marren en Wetterskip Fryslân. No kinne wy fierder mei de útfieringsaginda. Dêryn meitsje wy de inisjativen konkreet. As dat klear is belûke wy de maatskippij opnij.