Ga naar inhoud
Strân Makkum en pier

Oer it gebiet

De Fryske Iselmarkust is it gebiet tusken de Ofslútdyk en de Noardeastpolder by De Lemmer. It is de noardeastlike grins fan de Iselmar en de súdwestlike grins fan de provinsje Fryslân. Understeande kaart toant it gebiet. Foardat de Ofslútdyk yn 1932 oanlein waard, wie de Fryske Iselmarkust in dynamysk gebiet. It stie ûnder ynfloed fan it tij. Nei it ôfsluten fan de Sudersee is dy dynamyk ferdwûn. Dochs herberget dizze kust noch altyd unike lânskiplike en ekologyske kwaliteiten.

Wetterpeil

It wetterpeil fan de Iselmar is nei ôfsluting fêstlein op it nivo fan leech wetter. Dêrtroch is lâns de Fryske Iselmarkust likernôch 1500 bunder oan yntergetidegebiet – it gebiet dat ûnderrint by heechtij en drûch komt te lizzen by leechtij – drûchfallen. Op dizze wize is ûngefear 4000 hektare oan bûtendykse Fryske wearden ûntstien. In part hjirfan is ynpoldere, lykas de Makkumer Súdwaard. Oare dielen besteane út unike en beskerme natuergebieten.

Kaart van zuid west Friesland

Ekology

De Iselmar is in unyk natuergebiet fan ynternasjonale betsjutting. Foar fûgels is it in wichtich gebiet. Grutte oantallen fûgels ferbliuwe, foerazjearje, rêste en briede yn it iepen wetter fan de Iselmar en oan de rânen fan it gebiet. It ekosysteem fan de Iselmar foarmet it grutste oaniensletten swietwettergebiet fan West-Europa. De natuerlike oeverhabitats komme fierder noch net in soad foar yn Nederlân en binne fan nasjonaal belang foar fisken en fûgels. Ek is it gebiet fan belang foar lytse sûchdieren. De bûtendykse natuergebieten slute naadleas oan op it binnendykse natuernetwurk fan Fryslân.

Toerisme, rekreaasje en regionale ekonomy

De ynfloed fan it wetter op it lân is op in soad plakken yn it lânskip, en yn doarpen en stedsjes, noch goed sichtber. Dit is in grutte oanlûkingskrêft fan de regio foar rekreaasje en toerisme. Ek is dit gebiet op toeristysk mêd sterk ferbûn mei it njonkenlizzende Fryske Marregebiet. De lânbou lâns de Fryske Iselmarkust is ek in wichtich elemint yn it lânskip. De âlde lytsskalige ferkavelingen oan wjerskanten fan de Iselmardyk binne unyk en soargje foar in oantreklike belibbing fan it âlde lânskip. Dêrmei wykt yn dit gebiet de lânbou ôf fan’e lânboubedriuwen op oare plakken dy’t in mear grutskalich karakter hawwe en produsearje foar de wrâldmerk.

Wetterfeiligens

De oanlis fan de Ofslútdyk hat de feiligens fan de gebieten om de Iselmar hinne sterk fergrutte. Der kinne lykwols ek no noch hege wetterstannen optrede. Dêrom binne de diken om de mar fan essinsjeel belang foar de feiligens fan leechlizzende gebieten efter de dyk. Dizze diken binne ûntwurpen om it wetter ek by piken keare te kinnen.

Lânskip en kultuerhistoarje

It hjoeddeiske lânskip fan de Fryske Iselmarkust is wiid, mei brede fiergesichten, wylst de eleminten ín it lânskip krekt lyts fan mjitte en skaal binne. Stêden en stedsjes binne fan doarpske skaal en pleatsen lykje hast achteleas yn it lânskip te lizzen. Rêst en romte binne de kaaiwurden yn dit lânskip.