Ga naar inhoud

Enthousiaste gebruikers zwemtrap Laaksum

In april 2024 werd als onderdeel van Versterken Friese IJsselmeerkust een nieuwe  – en door studenten van het Bogerman College uit Sneek ontworpen- zwemtrap bij Laaksum officieel in gebruik genomen. Hoog tijd om eens even bij te praten met de veelgebruikers van deze prachtige trap!

Tryntsje Albada is één van de froulju die meerdere keren per week zwemt in het IJsselmeer bij Laaksum. “Simmer en winter, yn waar en wyn!” aldus de 71-jarige inwoonster van Laaksum. Haar zwemvriendinnen Maaike, Jeltsje en Toos zijn van haar leeftijd en een beetje jonger en komen vanuit Balk, Nijemardum en Bakhuizen naar Laaksum toe om gezamenlijk te genieten van de verfrissende duik. Tryntsje: “Wy swommen hjir ek al foardat dizze moaie trep der wie. Dat wie doe wolris wat gefaarlik, want dy basaltblokken binne -foaral winters- wolris wat glysterich. Dat dêr stroffelen wy wolris wat oer. It is fansels prachtich dat wy no alle kearen fia dizze moaie trep it wetter yn en út kinne. En wy binne net de iennichsten. Foaral simmers is it hjir fansels somtiden drok. Mar ek winters swimme hjir geregeld minsken. Bekenden, mar ek minsken dy’t wy hielendal net kenne, sa moai is dat! Wy komme hjir sels mei ús ploechje sa’n 2 of 3 kear yn ‘e wike. We sprekke yn ús Signal-appgroepke ôf wannear. Simmers binne wy mei krekt wat mear minsken en winters mei ús fjouweren. Neist dat wy it fysyk hearlik fine, is it ek nochris in sosjaal barren. It is gesellich en dêrneist hâlde wy inoar goed yn ‘e gaten fansels. Jo moatte eins net allinnich te swimmen gean yn dat kâlde wetter, ek al kinne wy hjir goed stean fansels, trochdat it ûndjip is. Eartiids swom ik faak allinnich, dat is net sa ferstannich, mar ja ik wie doe wolris wat ûndogensk. De fiskers yn ‘e haven holden my doe ek noch wolris wat yn ‘e gaten trouwens, moai no? Wy koene yn ‘e koroana-tiid gelokkich ek goed mei-inoar te swimmen. Dat wie wol moai, want ja jo koene doe net sa’n soad. Mar dat swimmen gong prima sa mei-inoar. Dat sa is it doedestiids ek ûntstien. En no ja, dêrnei binne wy mar trochgien. It is mar inkeld dat wy oerslaan. Soms as it te hurd waait út ‘e ferkearde rjochting. As it Súdwester wyn is, stiet er hjir rjocht op ‘e kant. Dan binne de weagen te heech en te krêftich en is it gefaarlik. Dan is it net oars en pakke wy it in oare dei wer op. It is hearlik, ik ried it elkenien oan” aldus de enthousiaste Tryntsje.